Hurde wyn by Alvestêdetocht

06 jun 2006 - 11:20

Sawat 12.600 alvestêdetochtfytsers binne Pinkstermoandei begûn oan har fytstocht. Sy hiene aardich waar ûnderweis, mar moasten wol tsjin in frij hurde wyn yn fytse. De earsten giene om fiif oere moarns fuort en wiene om twa oere wer by de einstreek yn Boalsert.

Sa'n 2.500 fytsers dy't har wol ynskreaun hiene, binne net fan start gien. De organisaasje sil ûndersykje wêrom't dat tal sa heech leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)