Hurde sfear yn ried Skylge

13 mrt 2012 - 10:49

Yn de gemeenteried fan Skylge hearsket in hurde sfear en wurdt elke kâns oangrypt om elkoar del te heljen. Dat stelt fraksjefoarsitter Amarins Geveke fan de VVD. Neffens har is de situaasje eskalearre mei it oantreden dizze moanne fan VVD-riedslid Marius Pals. Hy hat in hûs mei garaazje bouwe litten en dêroer is in konflikt ûntstien mei de buorlju, dy't sizze dat de garaazje har útsicht behinderet.

Pals moast him tsjinoer alle fraksjefoarsitters ferantwurdzje yn in ekstra gearkomste.

By syn ynstallaasje wie der neffens Geveke fûle krityk op Pals en bleaune guon riedsleden sitten by de offisjele eedôflizzing. Beskamsum neffens de VVD-fraksjefoarsitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)