Hurde oanpak 'veelplegers' helpt

25 maaie 2004 - 00:00

De hurde oanpak fan draaidoarkriminelen docht fertuten. Plysje en justysje hantearje sûnt april in top 35 fan 'veelplegers' yn Fryslân. Ien dy't op de list stiet en oppakt wurdt, moat foar langere tiid sitte.

Inkeld as de krimineel ferplicht ôfkicke wol, kin er ûnder finzenisstraf útkomme. De list is net populêr ûnder ferslaafden. Plysje en justysje hoopje mei dizze nije oanpak dat sa de oerlêst fan ferslaafden flink ôfnimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)