Hurde oanpak kriminele jeugd

03 sep 2008 - 21:23

Jonges en famkes ûnder de 12 jier gean te faak it kriminele paad op. Dat moat oars en dêrom makket minister Hirsch Ballin fan justysje in nij plan fan oanpak. Dat sei er woansdei by in besite oan It Hearrenfean.

Bern moatte sa gau mooglik op it goede spoar setten wurde. Op It Hearrenfean bygelyks wurde jonges en famkes dy't de fout yngeane oppakt en persoanlik oan de âlders oerdroegen. Hirsch Ballin wol dizze metoade ek yn de rêst fan Nederlân ynfiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)