Hurde nederlaach foar Aris

01 feb 2007 - 22:03

Basketbalklub Aris is tsjin in swiere nederlaach op rûn. Yn Ljouwert waard mei 125-99 ferlern fan Eiffeltowers út Den Bosch. Nei it earste kwart hie Den Bosch in foarsprong fan tsien punten. Yn it twadde kwart kaam Aris goed werom en wie it ferskil twa punten. De koprinner wie lykwols te goed. Yn it tredde kwart rûn it ferskil sels op nei 30 punten.

Aris stiet noch hieltyd ien-nei-lêste mei 16 punten út 24 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)