Hurd ride foar de kick

29 jul 2008 - 10:29

In automobilist fan 20 út It Hearrenfean is moandei troch de plysje op de bon slingere fanwege ûnfeilich rydgedrach. De jonge ried yn syn wenplak mei hege snelheid oer de Koornbeursweg, die ûnderweis de autodoar iepen en trape dêrnei op 'e rem. Dêrby bedarre er op de linker helte fan 'e dyk.

De jonge koe even letter troch de plysje oanhâlden wurde. Hy joech as ferklearring dat er it in kick fûn om sa hurd te riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)