Hupkes komt by Cambuur

31 jan 2003 - 00:00

Willem Hupkes fan De Graafschap komt by Cambuur. De 23-jierrige middenfjilder is fan freed ôf yn tsjinst by de Ljouwerter fuotbalklub. Hy wurdt hierd oant de ein fan dit seizoen ta. It is noch net dúdlik oft Hupkes fuort al meispilet yn de wedstriid tsjin Veendam. Wol is er fuort beskikber.

De fuotballer stiet sûnt it seizoen 1998/1999 ûnder kontrakt by De Graafschap út Doetinchem. Hy spile sechtjin kear yn it earste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)