Hûneshow wreidet út

13 apr 2009 - 12:36

De jierlikse hûneshow yn it WTC Expo krijt der yn de simmer fan 2011 in show by dy't fjouwer dagen duorret. De peaskeshow fan ien dei lykas dy no hâlden wurdt is de grutste fan Europa. Hy stiet goed oanskreaun by dielnimmers út it bûtenlân. Dêrom komt der oer twa jier in gruttere show.

De organisaasje ferwachtet by de grutte show fan fjouwer dagen sa'n 14.000 hûnen út hiel Europa. De hûnen wurde besjoen troch karmasters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)