Hûnen moatte oan de line yn bosk fan Elfbergen

19 jan 2016 - 09:59

Hûnen yn de bosk Elfbergen yn Gaasterlân moatte tenei oan de line bliuwe. It losringebiet yn de bosk komt net werom. Steatsboskbehear stelde yn desimber ferline jier as proef yn dat hûnen tenei oan de line moatte. Dy plicht bliuwt foarearst bestean.

Neffens Steatsboskbehear ha se in soad reaksjes krigen nei oanlieding fan it ynstellen fan de maatregel. De bosk is populêr ûnder hûnebesitters, om't it it iennige plak yn Gaasterlân wie dêr't hûnen losrinne mochten.

It is de lêste tsien jier lykwols folle drokker wurden, wêrtroch it net langer feilich is dat hûnen los rinne.

Steatsboskbehear wol mei hûnebesitters yn oerlis om ta oare oplossings te kommen. Mooglik komt der in nij, lytser losringebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)