Hûnen ferjeie guozzen

13 nov 2009 - 17:38
  • Guozzen sitte soms op ferbean lân

Yn Súdwest Fryslân is dizze wike úteinset mei in eksperimint mei hûnen en guozzen. Der binne grutte stikken lân reservearre foar de guozzen en de boeren krije dêr ek foar betelle.

Der binne lykwols ek greiden dêr't de guozzen net wolkom binne. Om se dêr wei te krijen, wurdt besocht se bygelyks troch in jager te ferjeien. Ferjeie mei bordercollies soe dêrfoar in alternatyf wêze kinne. Fjirtich boeren dogge mei oan dy proef fan it Faunafonds.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)