'Hûnekop-effekt' yn de Wâlden

16 apr 2014 - 12:32
  • Lysbeth Jongbloed, Jannewietske de Vries en Sjoerd Feitsma meitsje in selfie

It 'Hûnekop-effekt', dat is neffens deputearre Jannewietske de Vries in mooglike oarsaak dat yn de Wâlden it meast Frysk brûkt wurdt op sosjale media. Woansdeitemoarn oerhannige ûndersiker Lysbeth Jongbloed it rapport 'Taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media' oan deputearre Jannewietske de Vries en wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert yn it provinsjehûs.

Wethâlder Sjoerd Feitsma fûn it opfallendste oan it rapport dat 'mar' acht prosint fan de Ljouwerter jongerein âlden hat dy't beide Frysk prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)