Hûnehater aktyf yn Twizel

10 mrt 2009 - 17:17

Yn Twizel liket in hûnehater aktyf te wêzen. Op syn minst trije hûnen binne de ôfrûne tiid fergiftige en ien dêrfan is deagien. Yn de mage fan de hûn waard in bestridingsmiddel fûn dat net gau gewoan op 'e grûn leit.

By de eigner fan de hûnen is nei alle gedachten fergiftich fleis yn de tún smiten. De Twizeler hûnebaaskes binne der net gerêst op, want it liket derop dat al mear hûnen fergiftige binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)