Hûnegat Eanjum: superspannend

08 jul 2006 - 14:41

It hûnegat ûnder de Herfoarme tsjerke fan Eanjum is it engste en spannendste plak fan Nederlân. Martine de Boer en Jacob Willem Dijkstra út Eanjum joegen it hûnegat op foar in priis en wûnen ek noch. It hûnegat waard brûkt om moardners en klaprinners yn op te sluten. De bern fan Eanjum waarden bang makke mei it hûnegat.

De priis dy't de twa skoalbern wûn ha is in reiske mei de hiele klasse nei it Suderseemuseum yn Enkhuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)