Hûnebazen mishannelje fytster

29 jan 2001 - 12:39

In fytster út Ljouwert hat freed de earmtakke brutsen by in mishanneling troch hûne-eigners. Twa hûnen foelen har oan op de Elgersmastate.

De 'bazen' waarden lilk doe't de frou mei de foet besocht de bisten ôf te warren. Se treaunen de frou fan de fyts en skopten har. De frou hat oanjefte dien. De plysje moat de opljeppen hûnebazen noch hearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)