Hûne-eigeners helpe plysje yn Boalsert

31 okt 2015 - 11:41

Hûne-eigeners yn Boalsert helpe de plysje om ynbraken foar te kommen. Neffens de plysje is dit projekt 'Waaks' in grut sukses. De plysje hat hûne-eigeners ferline winter frege om ekstra wach te wêzen as se wat fertochts sjogge, as se jûns of nachts mei de hûn oan it kuierjen binne. Hast alle minsken woene meiwurkje.

Yn it ôfrûne jier hat de plysje 80 tips krigen. It is noch net sa dat de plysje mear ynbrekkers oanhâlden hat, mar de belutsenheid fan de boarger is mei it projekt Waaks folle grutter wurden en dêr is de plysje bliid mei.

Mooglik dat it ek op oare plakken yn Fryslân in ferfolch krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)