Hûnderttûzenste passazjier foar fear Esonstêd-Skiermûntseach

31 jul 2015 - 11:49
  • De famylje Bruinsma foel yn de prizen en blommen

Rederij Wagenborg hie tongersdei de hûnderttûzenste passazjier oan board dy't gebrûk makket fan de farferbining tusken Esonstêd en Skiermûntseach. It gie om de famylje Bruinsma út Ljouwert. Sy krigen oan board in bosk blommen en meie ek fergees nei fakânsjepark Esonstêd. Troch it mindere waar fan de ôfrûne wiken moast Wagenborg wol wat langer wachtsje op de hûnderttûzenste passazjier.

De rederij hie útrekkene dat dit heal july al wêze soe, mar it waard twa wiken letter.

De farferbining Esonstêd-Skiermûntseach bestiet sûnt 2007.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)