Hûndertste Kokedei Warkum

28 sep 2000 - 11:08

Foar de hûndertste kear is woansdei yn Warkum de tradisjonele Kokedei hâlden. Op de feekeuring dienen 83 stiks fokfee mei, dat is mear as ferline jier. Alle dielnimmers krigen in jubileumboek.

De belangstelling foar de Kokedei belibbe syn hichtepunt yn de jierren santich. Doe waarden somtiden wol mear as 300 kij oanbean. Kokedei is no ek in soart reuny foar âld-Warkumers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)