Hûnderten stakers by stakings yn de metaal

19 jun 2015 - 08:14
  • De seal yn aksjesintrum Tivoli yn Ljouwert siet goed fol

Metaalbedriuwen yn Harns, Frjentsjer, It Bilt, Ljouwert, Feanwâlden, Dokkum, Driezum, Snits en Winsum wurde freed platlein troch in grutte staking. Dy is freedtemoarn om 7 oere begûn en duorret 24 oeren. De fakbûnen FNV en CNV hawwe de meiwurkers yn de metaal oproppen om it wurk del te lizzen. De fakbûnen kinne it mei de wurkjouwers net iens wurde oer in nije CAO.

De meiwurkers fine dat der tefolle fleksibiliteit fan harren ferwachte wurdt. Ek wolle se in leansferheging. De ûnderhannelings sitte muorrefêst.

De lêste kear dat der sa'n grutte staking yn de Fryske metaal wie, is twa jier lyn. Yn Ljouwert giet it ûnder oare om de bedriuwen FIB Industries, Strukton Worksphere, Imtech, Pranger-Rosier Installaties en Cofely. Yn Sint-Jabik wurdt der staakt by Meijer Plaatwerk, yn Frjentsjer ûnder oare by Oostwoud en yn Harns by Icon Yachts en Damen Shipyards. En yn Dokkum giet it om de bedriuwen SMI, NNDI en ENSO. De fakbûnen telden freedtemoarn betiid al sa'n 400 stakers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)