Hûnderten spotters sammelje by Marsum foar Frisian Flag

11 apr 2016 - 13:40
  • It parkearterrein foar de spotters

It begjin fan de ynternasjonale loftmachtoefening Frisian Flag luts moandeitemoarn hûnderten spotters nei de spesjale spottersbult by Marsum. De spotters koene de auto kwyt op in tydlik parkearterrein fan de Aviation Group.

Dat foarseach dúdlik yn in ferlet, want healwei de moarn wiene de parkearstikkers al op. Foar de trochgeande Bitgumerdyk jildt - salang de oefening duorret - in parkear- en stopferbod.

Moandeitemiddei wurdt mear drokte ferwachte oan de Jelsumer kant. Ek dêr binne ferkearsmaatregels nommen. Ek steane der húskes foar spotters en in snackcar.

Op de earste moarn fan Frisian Flag kamen ûnder oare jachtfleantugen út België, Dútslân, Finlân, Poalen, Nederlân en Amearika yn aksje foar oefenings boppe de Noardsee. De oefening is ien fan de grutste fan Europa en lûkt sadwaande in soad leafhawwers út binnen- en bûtenlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)