Hûnderten oanwêzigen op Mienskipsjûn foar Kulturele Haadstêd

11 mrt 2016 - 22:30

Hûnderten plannemakkers foar Kulturele Haadstêd 2018 wienen freedtejûn oanwêzich yn stedsskouboarch De Lawei yn Drachten. De plannemakkers wienen dêr foar de Mienskipsjûn, in gearkomste foar de projektmakkers dy't meiwurkje oan Kultuere Haadstêd 2018. Alle oanwêzigen waarden bypraat oer de lêste stân fan saken rûn Kulturele Haadstêd en de rol fan de mienskipsideeën yn it programma fan 2018.

 De fjirtjin meast nijsgjirrige projekten krigen in stipe fan 2.018 euro út hannen fan deputearre Sietske Poepjes.

Ek waard de webside stipe.frl offisjeel lansearre, dêr't alle projekten foar de Kultuere Haadstêd op steane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)