Hûnderten meiwurkers Cofely stake foar better sosjaal plan

21 mrt 2016 - 10:42

Hûnderten wurknimmers fan ynstallaasjebedriuw Cofely binne moandeitemoarn begûn oan in staking fan 48 oeren. It bedriuw hat ek in fêstiging yn Ljouwert. It giet om in solidariteitsaksje. De stakers wolle dat der in goed sosjaal plan komt foar minsken dy't ûntslein wurde bij de fêstiging yn Roden.

Underhannelingen mei de fakbûnen binne op neat útrûn. Cofely hat sûnt moandei ek nochris in nije namme, it hjit no Engie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)