Hûnderten klachten oer ûntbrekken ûndertitels De Hel van '63

27 des 2015 - 10:53
  • De Hel van '63

De NPO hat sneontejûn de foar in part Frysktalige film De Hel van '63 útstjoerd sûnder ûndertiteling. Ek fia Teletekst, dat soarget foar ûndertitels foar dôven, wie der gjin ûndertiteling beskikber. Hûnderten minsken klagen dêroer op Twitter. De Hel van '63 wie dêrtroch de hiele jûn trending topic.

Regisseur Steven de Jong wie net bliid mei it ûntbrekken fan de ûndertiteling. Hy hat noch besocht kontakt te krijen mei ien fan de NPO, mar dat slagge net.

De NPO hat ekskuzen oanbean foar it net útstjoeren fan de ûndertitels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)