Hûnderten kilo's qat fûn

07 jan 2014 - 06:13
  • De partij qat waard fûn yn in loads

De plysje hat moandei op It Hearrenfean 720 kilo qat yn beslach naam, it hat in wearde fan 40.000-45.000 euro. Neffens de plysje wie de grutte fangst in tafalstreffer. Plysjeminsken wiene op surveillânse op it yndustrieterrein by Hearrenfean Súd doe't se twa senuwachtige manlju seagen by in loads. Doe't it duo de plysje seach, naaiden se út. By Aldskoat koene de Wolvegeasters fan 18 en 20 jier oppakt wurde.

Yn de loads fûn de plysje de qat op pallets en ek in stellen brommer. By de manlju thús is in auto yn beslach naam.

De fertochten sitte noch fêst. De plysje siket noch nei in swarte tas dy't de twa op harren flecht fuortsmiten hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)