Hûnderten fûgels fêst yn doarpshûs Marrum

21 nov 2014 - 15:05
  • De fûgels yn har hokjes
  • Sierfûgels
  • Briefke mei útlis

Yn it doarpshûs yn Marrum sitte hûnderten fûgels fêst. Se sitte dêr omdat dit wykein in grutte fûgelshow hâlden wurde soe. Troch de útbraak fan fûgelgryp en it ferfiersbod wat dêrop ôfkundige is, kin dit net trochgean. De eigeners fan de fûgels kinne ek net nei binnen. Allinnich de fersoargers meie deryn om de bisten te fersoargjen. De gemeente Ferwerderadiel hat noch besocht om fia it ministearje in ûntheffing te krijen foar it ferfier, mar dit is net slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)