Hûnderten DNA-ôfnames dien

29 sep 2012 - 15:05

Hûnderten manlju hawwe sneon in wangslym-útstrykje dwaan litten op de earste dei fan it grutte DNA-ferwantskipsûndersyk yn de saak Vaatstra. Op alve plakken kinne manlju harren DNA ôfstean. Op de earste dei fan it ûndersyk binne 2400 manlju oproppen. Mei-inoar giet it om goed achttûzen manlju. Der is twa wike útlutsen foar de DNA-ôfname. Meiwurking is frijwillich.

De measte manlju wolle meidwaan. Se hoopje dat de moard op Marianne Vaatstra nei trettjin jier dochs noch oplost wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)