Hûnderten banen yn suvel

24 maaie 2013 - 21:32

Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert rekkenet derop dat de nijbou fan suvelkonsern FrieslandCampina de kommende jierren hûnderten ekstra banen opsmyt yn de suvel en de bou.

Deinum is der fan oertsjûge dat de nijbou der komt. Neffens de wethâlder is it gemeentebestjoer akkoart mei de fergunnings dy't nedich binne foar de hûnderten miljoenen euro's oan ynvestearrings dy't de suvelreus fan plan is te dwaan. Hy rekkenet der op dat de earste skeppe foar de grutskalige nijbou yn de twadde helte fan dit jier de grûn yn kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)