Hûnderten banen derby troch ynvestearring fan trije miljoen

13 jan 2015 - 21:09

Mei de ynvestearring fan trije miljoen euro yn duorsume bedriuwen en ûntwikkelings moatte der yn de gemeente Ljouwert de kommende trije jier hûnderten banen bykomme. De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert stekke ûnder oaren jild yn it enerzjysunich meitsjen fan besteande wenten en yn it oanlûken fan tsientallen nije wettertechnologybedriuwen.

Ek moatte der tweintich boerebedriuwen enerzjyneutraal makke wurde. Dat moat tusken no en 2017 trijehûndert banen opsmite.

Ek de ôfrûne trije jier hawwe provinsje en gemeente jild stutsen yn de griene ekonomy. Neffens de earste evaluaasje hat dat no al in pear hûndert banen opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)