Hûndert wenten foar Berltsum

05 jan 2004 - 00:00

Op it plak fan de eardere feiling yn Berltsum komme 100 nije wenten. Under oaren de hal fan de yndoarkarting giet op termyn tsjin de flakte. De plannen wurde mooglik no't Menameradiel oant 2010 sawat 400 wenten bouw mei.

Mei-elkoar hat de gemeente 300 wenten ekstra krigen, ûnder oaren omdat Ljouwert minder boud hat as ôfpraat. De gemeente wol oare doarpen yn de gemeente ek safolle mooglik profitearje litte fan nijboumooglikheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)