Hûndert banen fuort by NDC

08 jun 2011 - 15:07

By de Noordelijke Dagblad Combinatie ferdwine de kommende jierren hûndert banen. De NDC jout de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden út. Se wolle yn 2011 de kosten bot ferleegje, sa stiet te lêzen op de eigen site fan de Ljouwerter Krante. Noch dit jier falle der twongen ûntslaggen. It is noch net bekend wêr't de banen krekt ferdwine sille.

De besunigings gean nei takom jier troch. Reden foar de reorganisaasje binne de legere advertinsje-ynkomsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)