Hûn mei alve puppy's stellen

03 maaie 2004 - 00:00

Ut in hûs yn Drachten is snein in hûn en in nêst mei alve puppy's stellen. It giet om in Amerikaanse staffordshire terriër. Sa'n pup kostet al gau 1250 euro. De dieven kamen de wenning oan de Geelgorsstrjitte fia in útsetrút yn de bykeuken nei't se oer de skutting klommen wienen.

De eigner, in 44-jierrige ynwenner fan Drachten, hat oanjefte dien. Der komt in neier ûndersyk nei de stellen bisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)