Hûn komt om by brân yn fakânsjehúske Nijeholtwâlde

06 jan 2016 - 16:11
  • De nije brânwachtauto's waarden sneon presintearre yn Snits

Yn in fakânsjehúske achter in pleats oan de Weerdyk yn Nijeholtwâlde hat woansdei brân west. De brân bruts om trije oere út. De brânwacht hie it fjoer nei in goed healoere ûnder kontrôle, mar ferwachtet dat se noch wol in skoft wurk hawwe om it fjoer hielendal út te krijen. By de brân is in hûn omkommen.

In ambulânse is oproppen, omdat ien persoan reek ynazeme hie. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. De bungalow waard brûkt as keet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)