Hûn Foppe Europeesk kampioen

19 nov 2007 - 10:31
  • Superhûn Foppe

Foppe is snein Europeesk kampioen wurden. Nee, net Foppe de Haan, mar de reade skjippedoes Foppe. De hûn út Boalsert die mei oan it kampioenskip yn België. Hy waard út 4700 hûnen ta de bêste reu fan Europa keazen.

De hûn die mei om't in kennelhâldster yn België sei dat er in goeie kâns meitsje soe. De eigners, Simon Hottentot en Thea Hazes binne fansels tige grutsk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)