Hûn ferwûne by brân yn steancaravan op camping Lytse Wielen

10 des 2015 - 15:54

Op camping de Lytse Wielen by Ljouwert hat tongersdeitemiddei in brân west yn in steancaravan. By de brân rekke in hûn ferwûne. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. Der wiene ek in ambulânse en in bistedokter te plak foar help. De hûn is mei de diere-ambulânse meinaam.

It is net dúdlik hoe't it mei it bist is. Ek is noch net bekend wat de oarsaak fan de brân is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)