Hûn fergiftige yn Blauwe Bosk

07 mrt 2013 - 10:24
  • De Blauwe Bosk by Haulerwyk

Hûnebesitters wurde warskôge dat se harren hûn yn it Blauwe Bosk tusken De Haule en Haulerwyk oan de line hâlde moatte. Oanlieding is in hûn dy't deagien is troch fergiftiging.

De hûn, fan in frou út Assen, gie dea nei in kuier yn it bosk. De feedokter seit dat er gif iten hat. Boskwachters sille tongersdei it bosk trochsykje oft se noch fergiftich ies fine kinne. Yn de streek wurde wol gauris fergiftige rôffûgels fûn. Steatsboskbehear hat ek de plysje ynskeakele. By de tagongspaden fan it bosk wurde buordsjes pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)