Hûn deariden op autodyk A31

15 des 2007 - 14:23

In frou (27) út Frjentsjer hat freedtenacht mei har auto op 'e A31 in hûn oanriden. It bist rûn by Marsum op 'e fjouwerbaansdyk. De klap wie sa hurd dat de grill fan 'e auto nei binnen sloech en de radiateur en it kuollingsysteem stikkenrekke.

It bist, nei gedachten in herdershûn, hat de botsing net oerlibbe. De plysje siket nei de eigner fan 'e hûn. De auto moast fuortsleept wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)