Hûn dea troch scooter

01 jun 2011 - 10:59
  • Max, de hûn dy't dearekke

De plysje is op syk nei in scooterrider dy't tiisdei yn Ljouwert in man mei in hûn oanriden hat. De hûn hat dat ûngelok net oerlibbe. De scooterrider ried op it fytspaad tusken Camminghabuorren en it Alddiel, dêr't de man mei syn hûn rûn.

De fertochte ried tusken de man en de hûn troch en kaam tsjin de riem oan dêr't it bist mei fêstsiet. De man foel en de hûn krige de halsbân sa strak om de hals dat er smoarde en deagie. De scooterrider is trochriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)