Hûn dea by brân Kollumerpomp

21 apr 2011 - 08:22
  • Foto: Jan Beets 112 Nederland.nl

In hok achter in hûs oan de Oostenboerwei by Kollumerpomp is yn de nacht fan woansdei op tongersdei hielendal útbaarnd. Derby is in hûn omkaam. De brânwachtkorpsen fan Kollum en Bûtenpost wisten foar te kommen dat de brân oerslaan koe nei it wenhûs. Nei in oere wie it fjoer ûnder kontrôle.

In auto yn it hok gie ferlern. By de brân is asbest frijkaam. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)