Hûn byt lyts famke op It Fean

26 apr 2014 - 11:40
  • Plysje

In famke fan fiif jier en har 33-jierrige mem binne freed op it Hearrenfean biten troch in losrinnende hûn. It bist hearde by in man op in scootmobyl.

It famke waard biten doe't se bûten boarte yn de Aureliastrjitte. Har mem woe ferhaal helje by de man en waard doe sels ek biten. De man naaide út.

Hy hie twa hûnen by him: in lyts wyt hûntsje en in gruttere swart-wite hûn. De man is in jier as sechstich en hat lang, brún hier. De plysje siket him en wol ek yn kontakt komme mei tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)