Humanitas siket mentors

04 apr 2007 - 13:30

Foar in mentorprojekt siket Humanitas frijwilligers dy't de begelieding op har nimme wolle fan minsken yn in ynstelling.

Minsken mei in beheining dy't gjin famylje of oaren ha om foar har op te kommen, kinne fan Humanitas in mentor tawiisd krije. Dy moat oer de behanneling meiprate, kontakt ha mei helpferlieners, foar de belangen fan de kliïnt opkomme dus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)