Huldigingen by nijjiersresepsje

03 jan 2006 - 16:25

Boargemaster Dales fan Ljouwert hat moandei in ûnderskieding krigen by de nijjiersresepsje fan syn gemeente. It lintsje kaam fan Prins Carnaval Martin d'n Eursten fan Ljouwert. Ek fiif oare Ljouwerters waarden huldige.

Skouboarch de Harmonie siet fol mei minsken dy't mei it gemeentebestjoer fûstkje woene. Dales spruts oer it kommende referindum oer it Saailân. Fierder wiene der optredens fan it Pasveerkorps en it Frysk Jeugd Orkest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)