Huldiging VC Snits en Snits Wyt Swart tagelyk

26 apr 2015 - 17:14
  • De follybalsters fan Snits
  • Snits Wyt Swart

De follybalsters fan VC Snits en de fuotballers fan Snits Wyt Swart sille nije wike sneon tagelyk huldige wurde. It krekte tiidstip is noch net bekend, mar it sil nei alle gedachten yn de rin fan de middei wêze.

It earste follybalteam fan VC Snits waard sneontejûn lânskampioen troch mei 3-1 fan Eurosped Almelo te winnen. Snits Wyt Swart waard sneintemiddei kampioen yn de haadklasse en promovearret no nei de topklasse. De huldiging sil sneon plakfine yn it sintrum fan Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)