'Huldiging snein by stadion'

08 maaie 2009 - 11:55
  • Yn it ferline wiene de huldigings fan Hearrenfean yn it sintrum (byld argyf Omrop Fryslân)

As SC Hearrenfean de bekerfinale wint op snein 17 maaie, dan is noch dyselde jûn de huldiging op It Hearrenfean. Dy is net, lykas yn it ferline, yn it sintrum fan It Hearrenfean mar yn de buert fan it stadion.

Dy mooglike huldiging soe dan wolris hiel let begjinne kinne, want de finale sels begjint pas om seis oere yn Rotterdam. FC Twente organisearret in huldiging dêrom pas op moandei, deis nei de finale, mar dêr kiest SC Hearrenfean net foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)