Huldiging moandei om sân oere

04 maaie 2013 - 10:39
  • Yuri Rose (L) en trainer Henk de Jong

Cambuur wurdt kommende moandeitejûn huldige op it Aldehoustertsjerkhôf. Dat hat de gemeente Ljouwert sneontemoarn bekend makke. It feest begjint om sân oere, it plein sels is in oere earder al iepen. Nei de huldiging troch it gemeentebestjoer is der in muzikaal programma.

Boargemaster Crone wie freedtejûn yn it stadion oanwêzich. Hy wie ien fan de 2400 minsken dy't op in grut skerm de Ljouwerters kampioen wurden seach. De klup promovearret dêrtroch nei de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)