Huldiging leukste strjitte

24 mrt 2011 - 11:03

De Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert wurdt sneon offisjeel huldige troch NL-streets yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert. De strjitte is op 1 febrewaris útroppen ta leukste winkelstrjitte fan Nederlân. Strjitten yn Amsterdam, Grins en Haarlem waarden yn de ferkiezing ferslein.

Wethâlder Deinum fan Ljouwert docht sneon om twa oere de offisjele huldiging. Der is fierder in mystery-guest en der wurde ek ferskate aktiviteiten hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)