Huizinga warskôget Verdonk

19 okt 2006 - 17:14

Keamerlid Tineke Huizinga fan de ChristenUnie ferliket de útsetting fan útprosedearre asylsikers mei de Twadde Wrâldoarloch. Huizinga seit yn it blêd Christenen in Contact dat minsken faak tusken trije en fjouwer oere nachts út har huzen helle wurde. Dat barde ek mei de Joaden yn de oarloch.

Neffens Huizinga is dit in warskôging foar minister Verdonk fan Frjemdlingesaken. Huizinga's boadskip oan har is: 'Doch dit oars'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)