Huizinga makket jild frij

12 jun 2008 - 18:55
  • Steatssiktaris Tineke Huizinga

Steatssiktaris Tineke_Huizinga fan Ferkear is ree om jild beskikber te stellen om it cao-konflikt yn it streekferfier op te lossen. Dat sei se tongersdei by in spoeddebat yn de Twadde_Keamer. Huizinga hopet dêrmei de ympasse dêr´t de fakbûnen en wurkjouwers yn sitte te trochbrekken.

Hoefolle jild se derfoar oer hat, wol Huizinga net sizze. Bussjauffeurs stake no al wiken foar in better lean. Bussen ride no allinnich yn de spits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)