Huizinga betellet flecht

24 sep 2010 - 08:52

Demisjonêr minister Tineke Huizinga hat de rekken fan har flecht mei in privee-jet fanút Italië nei Nederlân betelle. Dat melde ferskate lanlike deiblêden. Huizinga krige flinke krityk fan Twadde Keamerleden nei't se har yn augustus nei Nederlân fleane litten hie foar in begruttingsgearkomste.

Dy flecht koste hast 12.000 euro. Huizinga skrok fan de reaksjes en kundige earder al oan de reis werom betelje te sillen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)