Huizinga aktyf yn CU-kampanje

01 feb 2003 - 00:00

De Christenunie set stimbuskanon Tineke Huizinga fan It Hearrenfean yn by de kampanje foar Provinsjale Steaten. Huizinga krige sneon yn har wenplak it earste eksimplaar fan it ferkiezingsprogramma fan 'e CU. Se sil de kommende wiken sprekbeurten hâlde om listlûker Ferwerda te stypjen.

De Christenunie begûn de kampanje op 'e fyts. Mei in fytsestafette waard it ferkiezingsprogramma oerbrocht fan Ljouwert nei It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)