Huizenga wint sulver op WK

26 mrt 2008 - 18:20
  • Jenning Huizenga yn Manchester

Jenning_Huizenga fan Frjentsjer hat sulver wûn op it WK baanhurdfytsen yn Manchester. Op de yndividuele efterfolging slagge it Huizenga net om de Britse titelferdigener Bradley Wiggins te ferslaan. By de kwalifikaasje slagge him dat al. No wie Wiggins mei in tiid fan 4.18,519 folle rapper as de 4.23,474 fan de Frjentsjerter.

Troch it finaleplak hat Huizenga him sa goed as wis pleatst foar Peking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)