Huizenga pakt brûns op EK

18 okt 2013 - 20:49
  • Jenning Huizenga

Hurdfytser Jenning Huizenga hat freed by it Europeesk kampioenskip baanhurdfytsen yn Apeldoorn it brûns pakt op it ûnderdiel ploege-achterfolging. Mei syn ploechmaten Tim Veldt, Roy Eefting en Dion Beukeboom wist de hurdfytser út Frjentsjer de Spaanske ploech krekt foar te bliuwen. Yn de kwalifikaasje klokten de Nederlânske manlju ek al in tredde tiid. De titel gong nei Ingelân, dat krekt te rap wie foar it Russyske kwartet. Ek by de froulju gong it goud nei Ingelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)